Autoynbraken yn Ie

21 aug 2012 - 10:53

Yn Ie is moandeitenacht yn trije auto's en bedriuwsbuskes ynbrutsen. De auto's stiene oan de Stienfeksterwei en de Fifershôf. De bút bestie ûnder oare út in navigaasjesysteem. De ynbrekkers wiene net hielendal wekker want út ien auto hellen se wol in pot drop, wylst se in beurs oer de holle seagen.

Trefwurden: 
ynbraak Ie
(advertinsje)