Oplossing smoarchwettertank

21 aug 2012 - 10:37

In fervewinkel yn Harns en in laboratoarium yn Seisbierrum hawwe in oplossing betocht foar de stjonkende smoarchwettertanks yn skippen. Sûnt jannewaris fan dit jier is it foar gruttere passazjiersskippen ferplichte om sa'n smoarchwettertank te hawwen.

Guon reders brûke in gemyske oplossing om dy tanks skjin te meitsjen, mar by de fervewinkel kamen in soad fragen oer in biologyske oplossing. It bedriuw Eco Protecta yn Seisbierrum hat dat produkt ûntwikkele.

Yntusken binne der 40 skippen dy't it middel brûke, wêrûnder de rûnfeartboaten fan Princenhof yn Earnewâld. Fia publikaasjes yn in skipfeartkrante hat ek Wubbo Ockels him meld as klant fan it middel om de smoarchwettertank skjin te meitsjen. De fervewinkel yn Harns wol sels leveransier bliuwe foar de gruttere skippen. Foar lytsere boatsjes wurde dealers socht.

Neffens Willem Nielsen fan Bio Protecta is it middel eins in foedingsstof foar de goeie baktearjen dy't yn it smoarge wetter sitte. Dy groeie dêrtroch ekstra goed en helpe om de stoffen ôf te brekken dy't soargje foar de smoarge lucht. It giet om in trochûntwikkeling fan in produkt dat ûngefear 15 jier lyn al betocht waard om tanks fan bygelyks kampearauto's skjin te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)