Twa goals Alfred Finnbogason

20 aug 2012 - 21:33

Alfred Finnbogason, de nije spits fan Sportklup Hearrenfean, mocht sneon noch net meidwaan tsjin Feyenoord. Moandeitejûn makke er syn debút mei Jong Hearrenfean yn de wedstriid tsjin Jong NEC/FC Oss. Yn de earste helte krige Finnbogason twa grutte kânsen, mar dy gongen der noch net yn. Yn de twadde helte waard de 1-0 efterstân troch twa goals fan de Yslanner en in strafskop fan Mark Uth fertsjinne omsetten yn in 3-1 oerwinning. Jong Hearrenfean is de iennichste ploech yn pûl A fan de beloftekompetysje mei de folle winst út twa wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)