Bauke Mollema 6e yn Vuelta

Vuelta 2012
Bauke Mollema fan Ljouwert is moandei sechsde wurden yn de tredde etappe fan de Vuelta, de Ronde Van Spanje. Dêrmei stiet hy ek sechsde yn it algemien klassemint. De Spanjaard Alejandro Valverde wûn de etappe en is no ek de lieder yn it klassemint. De tredde etappe gie fan Faustino nei Eibar en der sieten in pear flinke bergen yn.
Pieter Weening kaam op goed 10 minuten fan de winner binnen, hy stiet no 155e yn it klassemint. De Vuelta duorret noch oant en mei snein 9 septimber.