Wente yn Van Doesburgstyl

20 aug 2012 - 16:45

Museum Dr8888 wol in wenning oan de Toerstrjitte yn Drachten werombringe yn de orizjinele Van Doesburgstyl. Foar de renovaasje is 250.000 euro nedich wat noch opbrocht wurde moat.

It is de bedoeling dat it hûs der ein 2015 wer krekt sa útsjocht as by de oplevering yn de jierren '20 fan de foarige ieu. De wenten wiene hiel modern foar dy tiid, sa modern dat de bewenners al gau wat dienen oan de opfallende kleuren. Dy kleuren wiene betocht troch Theo van Doesburg, de grûnlizzer fan de wrâldferneamde Stijlbeweging.

It is de bedoeling dat de souder fan de wente brûkt wurde sil as 'artist in residence'. Keunstners kinne dêr in skoftke wenje en harren ynspirearje litte troch de styl fan Van Doesburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)