Lokomotyf Dokkumer Lokaaltsje

It Dokkumer Lokaaltsje krijt wer in eigen lokomotyf. Sneon komt dy by
Moarre op in pear meter spoar te stean. Sa moat it projekt om it echte spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje werom te heljen yn Noardeast-Fryslân better sichtber wurde foar sponsors en publyk.
Oant no ta bestienen de plannen benammen op papier. Neffens foarsitter Chris Rijff makket dat it dreech om jild los te krijen. Hy is bliid dat de blikfanger einliks realisearre wurde koe.
It is úteinlik de bedoeling dat de trein riidt oer in stik spoar dat fan Dokkum nei de Skâns (Eastmahorn) rint. Letter dit jier wurdt dêr in masterplan foar presentearre. Dêrnei begjint de grutte syktocht nei sponsors.