Undersyk op plak âlde terpen

Archeologen sette takom jier útein mei ûndersyk op plakken dêr't ea terpen stien hawwe. Der wurde gjin terpen ôfgroeven, mar inkeld de djipte yngien. Dat sil wêze yn 'e Greidhoeke, bygelyks yn Wommels. De Provinsje Fryslân fiert it ûndersyk út yn gearwurking mei de Ryksuniversiteit yn Grins.
It ûndersyk start begjin takom jier. It sil trije oant fjouwer jier duorje.