Ungelok by autorace op A7

Auto yn 'e sleat by autorace op A7 © Gerwin de Vries, www.noordernieuws.nl
De plysje yn Grinslân siket tsjûgen fan in ûngelok op de A7 by Nuis dêr't in automobilist út Stynsgea (20) ek by wie. De man wie mooglik belutsen by in race mei twa oare Golfriders, in 21-jierrige man út Surhústerfean en in 28-jierrige bestjoerder út Droegeham.
Tsjûgen seagen it trio slingerjend oer de A7 fan Drachten rjochting Grins stowen. De Stynsgeaster ried achterop de auto fan in 61-jierrige man út De Like. Beide auto's bedarren yn de sleat. De man út De Like is ferwûne nei it sikehûs brocht. De man út Stynsgea wie lichtferwûne.