PvdA-plan: goedkeape enerzjy

20 aug 2012 - 11:43

De PvdA-fraksje yn Ljouwert wol dat de gemeente ûndersiket oft bedriuwen yn de stêd in oerienkomst mei enerzjyleveransiers slute kinne. De PvdA ferwiist nei in inisjatyf yn 'e stêd Grins, dêr't bedriuwen in soad jild besparje troch griene stroom en gas sintraal yn te keapjen.

Yn Grins dogge no oer de hûndert bedriuwen mei. De ferwachting is dat it tûzen wurde sille. Dêrom soe de gemeente Ljouwert yn 'e mande mei de bedriuweferienings de mooglikheden ûndersykje moatte, sa is de fraksje fan betinken.

Trefwurden: 
enerzjy PvdA Ferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)