Eks brekt yn en mishannelet
In 32-jierrige Frjentsjerter is sneintenacht oanhâlden foar it slaan en bedrigen fan syn eks-freondinne (28). De man bruts mei de dronken holle yn by de wenning fan syn eks. Hy makke rûzje mei har en mishannele har doe't se de plysje belje woe.
De man is meinaam nei it plysjeburo. Hy krige in proses-ferbaal en in kontaktferbod.