Oplichters fan 'Microsoft'

20 aug 2012 - 10:59

De Fryske plysje hat tsientallen meldings krige fan minsken dy't belle binne troch oplichters dy't sizze dat se fan Microsoft binne. Se sizze dat se helpe wolle om in firus fan de kompjûter te krijen. As minsken dêrop yngean, krije de oplichters tagong ta de kompjûter en de gegevens dêrop.

De plysje warskôget opnij om der net op yn te gean. Minsken wurde oproppen om der melding fan te meitsjen. Dat kin op it algemien plysjenûmer 0900-88 44. De oplichters prate oer it generaal Ingelsk mei in Pakistaansk aksint.

Yn Fryslân waard Lies Visser fan Broeksterwâlde de dupe fan de oplichters. Neffens de Fryske plysje giet it om in lanlik probleem. De Fryske gegevens wurde trochjûn oan in lanlik fraudeteam. De oplichters belje nei alle gedachten út Amearika wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)