Diskobesikers slein op Skylge
In 17-jierrige jonge út Apeldoarn is sneintejûn op West op Skylge oanhâlden nei't er yn in disko yn de Torenstrjitte ferskate minsken slein hie. Hy waard derút set, mar socht op strjitte wer rûzje.
Doe't de plysje kaam, woe de jonge útnaaie. Dat mislearre. De plysje hat de jonge meinaam nei it plysjeburo.