Motorriders ferwûne
By in oanriding op de Hearewei by Eastersee binne sneintejûn twa motorriders ferwûne rekke. De 52-jierrige man en 51-jierrige frou út Almere seagen te let dat in auto foar harren remme om ôf te slaan.
De man botste achterop de auto en de frou ried mei har motor achterop de motor fan har man. Beide motorriders binne nei it sikehûs ta brocht.