Koperdieven trapearre
Twa Ljouwerters binne sneintenacht oanhâlden foar it stellen fan koper. De manlju binne 34 en 37 jier. In tsjûge seach harren dwaande by in bedriuw oan de Planetenleane.
De plysje koe de manlju yn de Oeverstrjitte oanhâlde. Yn de auto fan it twatal fûn de plysje ynbrekkersark. De auto en it ark binne yn beslach naam.