Part Ljouwert sûnder wetter

19 aug 2012 - 16:16

De Ljouwerter wyk Westeinde is sneintemiddei troffen troch in wettersteuring. Wetterbedriuw Vitens hat it oer in behoarlike lekkaazje dêr't in 3000 húshâldens troch troffen binne. Monteurs ha drok dwaande west it lek te reparearjen en wer wetter út de kranen te krijen. Dat slagge om ûngefear acht oere jûns.

Neffens bewenners wie der al sûnt twa oere middeis gjin wetter mear en kinne se Vitens op it steuringsnûmer net berikke. Neffens Vitens komt dat troch oerbelêsting fan it nûmer.

(advertinsje)