Ruten yngoaid yn Stynsgea

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht yn Stynsgea in 23-jierrige man út De Harkema oanholden foar fernielerij. By in wenning oan De Opslach hie de man in tal ruten fan in wenning fernield. De eigneresse wie op dat stuit thús en belle de plysje dy't de fertochte even letter foar itselde hûs oanhâlde koe.
De oanlieding fan de fernielerij leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear. De 23-jierrige waard ynsletten op it plysjeburo.