Winsumer falt fan heasouder

19 aug 2012 - 14:15

In 56-jierrige ynwenner fan Winsum is sneontejûn ferwûne rekke doe't er yn Húns fan in heasouder foel. De man wie oan it wurk op de heasouder, doe't er grepen waard troch in transportmasine fan striebalen. Dêrtroch foel er in pear meter nei ûnderen.

Meardere helptsjinsten kamen nei it plak fan it ûngelok, wêrûnder de traumahely. De man is úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hy hie ferwûnings oan de holle en it skouder.

Trefwurden: 
Heasouder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)