Nij PvdA-gebou Ljouwert

19 aug 2012 - 13:38

De PvdA-Keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch hawwe sneon it nije partijgebou fan de PvdA Ljouwert iepene. Dat stiet oan de Iewâl. Mei de iepening waard ek it Fryske startsein jûn foar de lanlike ferkiezings op 12 septimber. Yn it nije partijgebou fan de PvdA wurde de bestjoersgearkomsten holden. Ek de fraksje sil der byelkoar komme.

Fierder is der romte foar it Ombudsteam, de Jonge Socialisten Fryslân en de âldereinwurkgroep.

Trefwurden: 
Ljouwert PvdA-gebou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)