Marit Bouwmeester eareboarger

18 aug 2012 - 22:32

Marit Bouwmeester is sneon útroppen ta eareboarger fan de gemeente Boarnsterhim. De sylster behelle in sulveren medalje op de Olympyske Spelen en waard dêrfoar huldige yn har wenplak Warten. It hiele doarp rûn út om it súkses te fieren.

De huldiging begûn mei in tocht op it steatejacht troch Warten. Dêrnei waarden Bouwmeester en har koach Mark Littlejohn tasprutsen troch ferskate minsken. Neist de earepenning fan de gemeente is der troch sylferiening Frisia út Grou in Marit Bouwmeester-trofee yn it libben roppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)