Topdrokte by gruthannel

18 aug 2012 - 15:03

It waarme waar soarget foar topdrokte by gruthannel Bergsma yn Frjentsjer, earder yn Makkum. Bergsma leveret frisdrank, ijsko's en patat oan bygelyks pompstasjons en snackbars. Gewoanwei wurkje der 58 minsken, mei de simmerdrokte binne dat 11 ekstra.

De omset leit mei it waarme waar 30 persint heger as oars. Bergsma is goed in moanne lyn ferhuze nei de hal fan it eardere meubelfabryk fan Bylsma yn Frjentsjer. Sûnder dy nije hal, hie it dreech west om de drokte oan te kinnen, sa seit in wurdfierder.

Fral by klanten oan de kust yn Noard-Hollan is de ekstra drokte te fernimmen. Dêr leveret Bergsma oan in soad tankstasjons.

Trefwurden: 
gruthannel Bergsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)