Oerterper fernielt auto

18 aug 2012 - 14:16

Yn Oerterp hat in 30-jierrige ynwenner út dat plak de auto fan in 57-jierrige frou fernield. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol en fernielde sûnder oanlieding de auto fan de frou op de Tumpstrjitte. De Oerterper is oanholden. De frou hat oanjefte dien fan fernielings.

Trefwurden: 
Oerterp fernieling
(advertinsje)