Tsjûgen socht fan oanriding

18 aug 2012 - 14:11

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding op de Iedyk yn Jannum ôfrûne woandei oan 'e ein fan de moarn. Dêrby waard in 56-jierrige frachtweinsjauffeur út Jislum ynhelle troch in lytse reade auto. By de ynhelaksje rekke de reade auto de sydkant fan de frachtwein en dat soarge foar skea.

Trefwurden: 
tsjûgen
(advertinsje)