Iepen dagen leveransiers AH

18 aug 2012 - 12:36

De iepen dagen fan de taleveringsbedriuwen fan Albert Heijn lûke folle minder besikers as op rekkene wie, fanwege it moaie waar. De super bestiet 125 jier en dat wurdt dit en kommend wykein yn hiel Nederlân fierd. Der binne allinne yn Fryslân al 20 bedriuwen. Hartman fan Seisbierrum is der ien fan.

Op it kassekompleks is in grutte tinte delset. Mear as 60 frijwilligers binne yn tou om de minsken op te heinen en te begelieden. It giet om in inisjatyf fan AH dy't de klanten sjen litte wol hoe't it iten dat se ferkeapje produsearre wurdt.

Mar de super is ek fan grut ekonomysk belang foar de provinsje. Der wurkje mear as 2000 minsken by de Fryske taleveringsbedriuwen fan AH.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)