Hans van Zetten by huldiging

18 aug 2012 - 12:11

Hans van Zetten dy't foar de NOS ferslach die fan de gouden oefening fan Epke Zonderland, is hast like bekend wurden as de turner sels. Freed wie Van Zetten dy't earder sels ek turne, by de huldiging fan Zonderland op De Lemmer. Hy wie dêr spesjale gast.

Van Zetten hat oant no ta elk ynterview wegere omdat hy fynt dat it om Epke giet en net om him. Foar Omrop Fryslân makke hy foar it earst in útsûndering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)