Winst foar Cambuur

17 aug 2012 - 22:36
  • Winst foar Cambuur
  • Harkje nei de reportaazje

Cambuur hat ek de twadde wedstriid yn de kompetysje yn winst omsetten. Yn it eigen stadion wûnen de Ljouwerters mei 2-0 fan Fortuna Sittard. It wie in drege wedstriid foar Cambuur, want Fortuna Sittard spile hiel behâldend. Mart Dijkstra bruts yn de 22e minút de skoare iepen mei in fantastysk ôfstânsskot. Yn de 28e minút sette Michiel Hemmen nei in moaie oanfal de einstân fan 2-0 op it boerd. Yn de twadde helte spile Cambuur net goed. Fortuna woe ek net fuotbalje, mei as gefolch in hiel saai twadde bedriuw.

Cambuur hat nei twa wedstriden seis punten en stiet mei MVV Maastricht, Helmond Sport en Sparta Rotterdam boppe-oan.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)