'Min ûnderhâlden natuer'

Skiermûntseach © ANP XTRA
Toeristen op Skiermûntseach moatte net nuver opharkje as bankjes net mear ferve wurde, skulpepaden der minder moai hinne lizze of kuierpaden letter meand wurde. Dat seit behearder Overdijk fan Natuermonuminten. It Ryk draacht de ferantwurdlikens foar natuer oer oan de provinsje oer, mar docht der te min jild by.
In heal jier lyn waard it nije behears- en ynrjochtingsplan presentearre en ferline wike is it ferspraat ûnder de befolking. Befolking en behearder lykje tefreden oer de plannen, mar de jildkrapte dy't der in heal jier lyn al wie, is noch altyd net oplost. Natuermonumenten konsintrearret it lyts bytsje jild dat der wol is op de meast wichtige natoer op it eilân sadat dy gjin bliuwende skea oprint.