Doeksen ferfiert 8.000 minsken

It is mei it moaie simmerwaar in hiel drokke dei freed foar de fearboaten nei de Waadeilannen. Allinnich rederij Doeksen sette freed hast 8000 minsken oer nei Skylge en Flylân. De VVV op Skylge warskôget sels om net op 'e dolle rûs te kommen, want de hotels en de bungalows sitte allegearre fol.
Nettsjinsteande de drokte ferrint it yntsjekken neffens Doeksen neffens plan. Sûnt in pear moannen kinne minsken sels har kaartsje scanne by de tagongspoartsjes. Allinnich foar groepen en minsken mei ekstra koffers stiet der noch in hânscanner.