Krityk Monasch op BYD-deal

17 aug 2012 - 17:08

De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer hat krityk op de oanbesteging fan elektryske bussen troch de provinsje. It giet om seis bussen dy't fan 2013 ôf op Skiermûntseach ride. Dy wurde boud troch it Sineeske bedriuw BYD, dat de Europeeske oanbesteging wûn.

Keamerlid Jacques Monasch set fragen by oer de proseduere. Hy fynt dat in Nederlânsk bedriuw de opdracht krije moatten hie, bygelyks VDL Berkhof fan It Hearrenfean. Neffens Monasch krijt it Sineeske bedriuw ûnearlike stipe fan de oerheid. Hy fynt dat de proseduere dêrom oer moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)