Riedslid Harns yn opspraak

© Omrop Fryslân: Dirk Jan Haarsma
It Harnzer riedslid Arjan Oosterlaar fan Frisse Wind is yn opspraak rekke troch in aksje tsjin in lid fan it komitee Fiskerijdagen. Neffens Van der Heide fan it komitee woe Oosterlaar ûnder in poadium trochfarre en dat wie te gefaarlik. Der waard fan alles roppen en doe't it riedslid op de wâl ferhaal helje woe, rûn de saak út de hân. It ferhaal krige in ferfolch doe't minsken alles, ynklusyf in foto, woansdei op Facebook sette.
Oosterlaar skeakele in advokaat yn en drige de belutsenen mei in klaim fan 25.000 euro.
Foar de minsken dy't it brief krigen wie dizze driging de reden om it ferhaal te rektifisearjen. Oosterlaar lit it dêr no fierder by sitte.