Drinkskoft yn betelle fuotbal

17 aug 2012 - 14:29

Fanwege de hege temperateuren yn it wykein kinne skiedsrjochters by wedstriden yn de earedivyzje en de Jupiler League ekstra skoften om te drinken ynlasse. Dat kin healwei de earste en healwei de twadde helte. Dat hat de KNVB freed bekend makke.

SC Cambuur en SC Hearrenfean moatte dit wykein beide yn de jûnsoeren spylje, mar ek dan kin it noch waarm wêze. Cambuur spilet freedtejûn thús tsjin Fortuna Sittard, Hearrenfean sil it sneontejûn yn Rotterdam opnimme tsjin Feyenoord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)