Mei Barentszsloepen oer de mar

17 aug 2012 - 14:13

Om sels te fernimmen hoe't Willem Barentsz en syn bemanning yn 1597 mei twa boatsjes fan Nova Zembla nei de fêstewâl fan Sibearië farden, binne acht studinten yn replika's fan de Barentsz-sloep mei seil de Iselmar oerstutsen.

Silend en roeiend binne se tongersdei yn Hylpen oankaam. Se sille sneon fierder reizgje. Se sille dan de Waadsee oerstekke nei Willem Barentsz' berteplak Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)