Omrop wint 'Gouden Komkommer'

17 aug 2012 - 12:18
  • Omrop wint 'Gouden Komkommer'
  • Harkje nei Frits Mostert en Sybren Terpstra

De nijsredaksje fan Omrop Fryslân hat freed de Gouden Komkommer wûn fan MCL/Soarchgroep Noorderbreedte. De Gouden Komkommer is de priis fan de ôfdieling foarljochting foar de earste sjoernalist dy't bellet mei in typyske 'komkommer-fraach'.

Dy priis 'mei lof' is dit jier foar ferslachjouwer Jan Durk de Haan fan Omrop Fryslân. De Haan belle de foarljochting oer de it hitteprotokol dat in soad fersoargingshûzen de kommende dagen ynfiere. It is de tredde kear dat de Gouden Komkommer útrikt waard. De earste twa komkommers wiene foar de LC.

De Gouden Komkommer en byhearrende oarkonde waarden freedtemoarn op de redaksje fan de omrop útrikt troch foarljochter Frits Mostert fan MCL/Soarchgroep Noorderbreedte.

(advertinsje)