Lûdsnoarm pealsitten ferromme

17 aug 2012 - 12:08

De organisaasje fan it pealsitten yn Kollum hat it dreech mei de lûdsnoarmen foar muzyk dy't de gemeente Kollumerlân hantearret. Der mei net mear as 57 desibel oan lûd makke wurde. In elektryske toskeboarstel makket al 50 desibel. Tongersdei gie it evenemint al oer de noarm hinne. De organisaasje soe in warskôging krije, mar dy waard ynlutsen omt net de muzyk, mar it publyk tefolle leven makke.

Om it evenemint temjitte te kommen is de noarm foar de muzyk no ferromme oant 67 desibel. Nei it evenemint sille alle partijen oerlizze.

It doel is om te sjen oft der ek oplossings te betinken binne, sadat it evenemint ek takom jier trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)