Falsk alaarm yn Goaiïngaryp

Foar de sechde kear yn in pear wike tiid moast de brânwacht fan Skarsterlân om neat útrukke nei ien en itselde bedriuw. Tongersdei wie it wer sa fier. By de brânwacht kaam in automatyske melding binnen fan restaurant de Klokkestoel yn Goaiïngaryp. Nei sa'n melding wurde tsien brânwachtminsken oproppen; dy komme dan nei de kazerne om út te rukken.
Meastentiids wurdt fuort melden dat der neat oan de hân is, mar dan is elts al yn it spier. Previnsjemeiwurkers fan 'e brânwacht ha by it bedriuw west.
Doe die bliken dat guon brânmelders net op it goeie plak sitte en dat de ôfsûging yn de douches net goed genôch wurket. Nei de boufak wurdt dat oplost. De brânwacht ferwachtet dat de falske meldings dan dien binne.