Brêge Terwispel wurket net

17 aug 2012 - 11:37

Troch problemen mei de Spaltenbrêge kinne boaten op dit stuit by Terwispel de Turfrûte net opfarre. De brêge kin net mear betsjinne wurde, dat betsjut dat allinnich boatsjes dy't leger binne as oardel meter der noch lâns kinne. Ek boaten dy't by Terwispel de Turfrûte ôf wolle, kinne der net lâns. Dy moatte dan omfarre oer Donkerbroek en de Tsjonger.

De gemeente Opsterlân, dy't eigner fan de brêge is, oerleit freedtemiddei mei in bedriuw oer it meitsjen fan de brêge. Dêrnei sil bekend wurde hoelang't it probleem noch duorret.

De Spaltenbrêge wurdt ornaris betsjinne troch brêgewippers fan de provinsje Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)