Mei 94 km troch Westergeast

17 aug 2012 - 10:56

In 18-jierrige automobilist fan De Pein is tongersdei by Westergeast betrape op te hurd riden. De man hie in snelheid fan 94 kilometer, wylst er mar 60 mocht.

Omdat it om in begjinnend bestjoerder giet is er in punt op syn rydbewiis kwytrekke. Mochten dêr binnen fiif jier noch twa punten bykomme, dan moat er testen dwaan om sjen te litten dat er by steat is om neffens de regels te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)