Frou fernielt auto

17 aug 2012 - 10:42

In frou út Easterwâlde is tongersdei oanhâlden omdat se op de Hooge Esch yn har wenplak in stek en in auto fernield hat. Omwenjenden warskôgen de plysje.

Dy naam de frou mei nei it plysjeburo. De frou wie ûnder ynfloed fan drugs. De eigners fan it stek en de auto ha oanjefte dien.

(advertinsje)