Beatrix lokwinsket Bouwmeester

Wrâldkampioene silen Marit Bouwmeester fan Warten hat de felisitaasjes krige fan Keninginne Beatrix en minister-presidint Rutte. Fia in faks hat Bouwmeester de felisitaasjes krigen fan Beatrix, wylst Rutte mei har belle hat. De Friezinne waard snein yn it Australyske Perth wrâldkampioen yn de Laser radial klasse.
Marit Bouwmeester komt tiisdei werom nei Warten. Nei in koart ferbliuw yn Fryslân giet se wer troch foar in wrâldbekerwedstriid yn Miami yn de Feriene Steaten.