Slûsdoarren Harns werom set

17 aug 2012 - 06:25

By de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns binne tongersdeitejûn de 18 ton swiere floeddoarren wer op har plak weromsetten. Goed twa wiken lyn waarden de houten doarren fuorthelle, yn ferbân mei grut ûnderhâld.

It wurk waard yn de boufak dien, omdat der dan minder beropsfeart is. De slûs yn Harns hat mei-elkoar 20 ferskillende doarren. Foar takom jier siet der wer grut ûnderhâld pland. Dan wurde 4 âlde houten doarren hielendal ferfongen troch stielen eksimplaren. Dy binne op langere termyn foardieliger, omdat se minder ûnderhâld freegje.

Trefwurden: 
slûsdoarren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)