Kramer oer Epke: 'Seldsum'

17 aug 2012 - 01:28

Sven Kramer kaam tongersdeitejûn spesjaal foar Epke Zonderland nei de huldiging op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean om him te felisitearen. Kramer neamde de prestaasje fan Epke 'seldsum' en prate mei Epke oer hoe it is om sa yn de belangstelling te stean.

Lykas Epke hat ek reedrider Sven Kramer goud wûn op de Olympyske Spelen. Boppedat binne no sawol Kramer as Zonderland eareboargers fan Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)