Assaidi nei Liverpool FC

16 aug 2012 - 19:56

SC Hearrenfeanspiler Oussama Assaidi giet nei Liverpool FC. Beide fuotbalklups binne dit oerienkaam. Assaidi moat noch medysk test wurde. Assaidi spile 68 kear foar Sportklup Hearrenfean en makke 20 goals. Earder wie der ek belangstelling fan Galatasaray, Spartak Moskou en Ajax foar de spits.

Neffens technysk direkteur Johan Hansma hie Hearrenfean mei Galatasaray en Spartak Moskou al in akkoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)