Skrik om ekshibisjonist

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In man hat ferline wike yn de buert fan Ousterhaule famkes skrikke litten. De man begloep de famkes earst by in swimgelegenheid en it eardere stoart, wêrnei't hy him útklaaide.
Neffens de plysje hat hy de famkes net oanrekke. It soe om ekshibisjonisme gean. Sokke minsken kinne it net litte om harren geslacht sjen te litten. It giet om in man fan sa'n 40 jier mei swarte klean oan, dy't op in reade mountainbike fytste.