Nije spits foar SC Hearrenfean

16 aug 2012 - 19:33

Sportklup Hearrenfean hat in nije spits oanlutsen. De 23-jierrige Alfred Finnbogason komt oer fan de Belgyske klup Lokeren. De Yslânske internasjonal waard ferhierd oan de Sweedske ploech Helsingborgs.

Dêr skoarde hy 12 kear yn 17 wedstriden. Finnbogason hat in kontrakt tekene foar trije jier, mei in opsje foar noch in jier. By Hearrenfean moat Finnbogason de konkurrinsje foar de spitsposysje oangean mei Matthew Amoah.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)