Foto Epke op ambulânses

16 aug 2012 - 18:02

Olympysk turnkampioen Epke Zonderland is de kommende wiken te sjen op guon ambulânses fan RAV Fryslân. Der komme grutte foto's fan de turner op de ambulânses.

It bedriuw is grutsk op Epke, dy't leart foar dokter. Neffens de RAV is foar it turnjen en it wurk as ambulânsemeiwurker beide kearen in soad training nedich.

(advertinsje)