Rotsoai yn dunen Bakkefean

Resten fan fjoerke stoken, lege blikjes bier, glêsskerven en sloopte picknickbankjes. It is de lêste tiid in grutte binde yn de Bakkefeansterdunen. In soad jongerein út Bakkefean hingje jûns om yn it gebiet en litte troep achter. Behearder fan it gebiet, it Fryske Gea, hat skjin syn nocht. Yn 'e fakânsjetiid komme in soad toeristen yn 'e dunen dy't der lêst fan ha. De kommende jûnen is ekstra tafersjoch. Mocht de oerlêst bliuwe, wol it Fryske Gea mei de gemeente prate oer in eventueel ferbod foar groepen.