Feilich yn Ferwerderadiel

16 aug 2012 - 14:20

De ynwenners fan Ferwerderadiel ha de measte argewaasje fan hûnestront en hurdriders. Dat docht bliken út de feiligensmonitor dy't hâlden is ûnder 600 ynwenners. Sa'n 15 prosint fan de ynwenners fan Ferwerderadiel fielt him wolris ûnfeilich. Dat is 10 prosint minder as gemiddeld yn Nederlân. De ynwenners binne wat minder tefreden oer de kwaliteit fan de boartersplakken foar de jeugd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)