Rútsproeier oan: botsing

12 des 2011 - 11:13

In 42-jierrige automobilist út Muntsjesyl hat sneintejûn by Beilen yn Drinte in ûngelok feroarsake. De man ried oer de Ossebroeken en sette dêr op in stuit de rútsproeier fan de auto oan. Hy seach dêrtroch efkes neat en kaam mei de auto op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Dêr botste er op de auto fan in 48-jierrige man út Assen.

Da man út Assen is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok botsing Muntsjesyl
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)