Oprop Kulturele Haadstêd dien

12 des 2011 - 09:39

It ryk hat moandeitemoarn op ynternet de oprop publisearre, wêrby't stêden har melde kinne om Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 te wurden. De oprop wurdt taljochte op in spesjale Europadei yn Amsterdam. Foar kandidaat-haadstêd Fryslân/Ljouwert 2018 geane boargemaster Ferd Crone en kwartiermakker Henk Keizer dêr hinne.

Kandidaatstêden hawwe oant ein oktober 2012 de tiid om har bidbook yn te leverjen by de sjuery. De sjuery makket oanslutend in 'shortlist' fan kânsrike kandidaten. Pas ein 2013 wurdt bekend makke hokker stêd 'European capital of culture 2018' wurdt. Wichtige kritearia neffens de hantlieding by de oprop binne de Europeeske diminsje fan it programma, it aktyf belûken fan de eigen befolking by it programma, en in dúdlik commitment fan de pleatslike oerheden, ek finansjeel, by de kandidatuer. Njonken Ljouwert binne yn Nederlân ek de stêden Den Haach, Eindhoven, Maastricht en Utrecht kandidaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)