Yllegale fisknetten fûn

11 des 2011 - 16:13

Op de marren om Snits hinne hawwe de plysje en oare ynstânsjes fiifhûndert meter oan netten út it wetter helle dy't troch fiskstreupers brûkt wurde. Op de Snitsermar en op de Hegemermar binne netten fûn. Der is ek in soad deade fisk fûn. It gie om 43 snoekbearzen, fjouwer snoeken en tsjien bleien. Trije snoeken en acht snoekbearzen binne libjend frijlitten.

De fynsten binne dien by in grutte dregaksje om streupersark út it wetter te heljen. De netten binne ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)