Pieter-Jan Postma hat WK-kâns

10 des 2011 - 19:10

Pieter-Jan Postma kin snein yn de Finn klasse wrâldkampioen silen wurde. De âld-ynwenner fan Terkaple skode fan it tredde nei it twadde plak op trije punten fan de Brit Giles Scott. Dat alles kaam troch in sjueryútspraak. Mearfâldich wrâld- en Olympysk kampioen Ben Ainslie rekke de lieding kwyt omdat hy fanwege 'in fikse oertreding fan fatsoenlik silen' twa kear in diskwalifikaasje krige foar de beide wedstriden fan sneon. Hy sakke dêrtroch nei it alfde plak en kin dêrom de medaljerace net sile.

Ainslie wie yn de njoggende race yn gefjocht mei Pieter-Jan Postma. Dat duel waard folge troch in helikopter en in kameraboat. Yn de eagen fan Ainslie hie er lêst fan dy boat. Nei de race, wûn troch Postma, klom Ainslie op de kameraboat om ferhaal te heljen. Dat kaam him djoer te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)